Title: Clipsrymkes
Author: Here Gerrits van der Veen
Release date: November 19, 2006 [eBook #19864]
Language: Frisian
Credits: Produced by Frank van Drogen, Christine D. and the Online
Distributed Proofreading Team at http://www.pgdp.net (This
book was produced from scanned images of public domain
material from the Google Print project.) With special
thanks to Hillie Plantinga for context reading and SL for
providing higher resolution scans.
FEN
TO FRENTJER, BY
W.J. BRUINING, Kz.
1846.
De wereld is een hangklok: de slinger is 't vrouwelijk
geslacht en 't gewicht is de geldzak.
Proeven van een Nieuw Satyrisch Woordenboek,
Vad. Letteroefeningen.
Romke Pak
Clips-Rymkes! scille jimme wol sizze, Læsers! Clips-Rymkes? dat is tjuster. Just, tjuster is 't, in dat woe 'k eack mey dit wird to kennen jaen. Ick hoopje mar, dat it jinge jimme fierder sjen scille, ljeacht wirde mey; in dat 't jimmen net giet, as mey 'n hopen buwcken, mey ljeachte opschriften (titels) in tjustere ynhalden.
Freget min lyckwols neyer uetlizzinge fen 't wird, ick scil myn bæst er op dwaen, muwlk wirdt it yn allen sa klaer net, as oare foärredens: now, den mat dit eack mar ien clips-wirdtje foäraof hjitte.
De Hollâners neame socke rymkes Snavel-, (by forkoärtinge: snel, eygentlick beck, snou-) Punt- as Hekeldichtjes; as leawwer: hwat hja mey dy trye wirden sizze wolle, siz ik mey dit iene.
Eclips, as lyck as wy, Friezen, sizze: Clips-rymkes binne it, it iene is wol hwat tjusterer (bedeckter) as 't oare, mar allegeärre draeye se sa folle wol, dat er hjirre as dære altiid wol ien rântje beditsten wirdt; howol 't ick just net op ien prick aof wil, ho 't it draeit, as ho 't it snijdt, declineert, aofwycket, neyerkomt, op graeden, menueten in seconden aof, lyck as de loftgeleerden in hymelkindigen. Mar dit wyt ick: lyck as er onderscheid ynne greatte fenne Clipsen ynne Natuwr is, sa scil min hjir aeck onderscheid sjen: altiid binne myn Clipsen net allycke moay; dit hinget sims simpel fen 't waer aof.
Min hat ommers sa goe' waer (moay waer, inkelde daegen alheel gen waer) ynne boärgerlicke, sedelicke, steatkindige wrald in yn ues breinkasten as ynne Natuwr. (Jean Paul maake miniatur-clipsen yn syn huwshaldinge).[A]
Dærby is de iene folle gouwer klear as de oare, mey to sizzen: "'t is ljeacht, as: "'t is tjuster!" kreckt as min 't sjucht by ien sinneclips, dy 't de kickerts oan 't raesen bringt, omt hja miene, dat de nacht harren oerfalt, wyl 't greater beesten, minder forfeard, stil de beusichheit fenne dey foartsette. Eack kin ien lytse clipse sims mear tumult meitse, as ien greaten, as er mar klaer waer treft: dit seagen wy oan Jan Karel Josephus van Speyk, de 5 Feb. 1831, ynne heldere daegen fenne tjiendeysce fieldtogt.—In waerd sa, by Napoleons tiiden, de lytse broederscip net beclipse troch 'e greate fryheid in gelyckheit?
Ién forsiik lyckwol, Læsers! to wyten: tink net, dat ick de iene as de oare mey dizze as jinge wirden op 't each hie, wol saecken. It rymke: "Op Immen," mey er de schyn fen hawwe, it wæsen ontbreckt er oan; went it is louter de weärrega fen Op Iemand (as Ingelinne). In is 't, da min sims by de earste læsinge mient, dat it wol sa is; as dat min net sjen ken, wær 't igge as ein fæst sit, yn 't jinge ick op pompier maulke—læs noch 'ris, in tink er ien byttje op ney, as 't jimmen beleaft! in jimme scille fornimme, dat ick my-sels faeker beclipse as ien oar. Ynne Natuwr giet 't ommers eack sa; went moânne- in sinneclipsen binne eigentlick ierdclipsen. Yn 't earste gefal blieowt er meastentiid noch al ien byttje ljeacht oer, in ien sinneclips is sims wol ris tiige great, mar noait totael: ien lytse bol ken ommers ien greaten noait al heel in de al wey meitse; lytse ljeachten noait de greate al heel fortjusterje, it haldt mey ien lytse schymer al hird op: better ken ien great bol him sels beclipsje. Mochte it eack al ris barre, dat myn clipsen jimmen to swart, to tjuster in to gleuan as sa hwat binne—och, minscen! wol se hwat trogge fingers sjen, in tink: "hwa is er oppe wrald dy dær buwten kin?"
Duennega, 1845.
H.G. van der VEEN.
NB. Fen PLUTUS, de Jildgod, fenne mansiike VENUS in fen BACHUSOM, dy swiete prieower, scil min, tink ick, wol mear wyte, as er hjir fen schreauwn stiet, to mear, dær 't 'er now al sahwat oeral fenne goderye leard wirdt.
NB. Uet to yten is by de boeren uet to tjock-yten; uetyten, neame hja troch it yten uetset, dyd: yn de earste beteikenis wirdt Sjirk hjir eack sa oan spritsen; mar it de oare sjucht mear op uet lydschjin uet yten; as rom fen maege, slop.
Huygens.
1. | Wol wier 't ald spreukjen, Almanak! |
Dow biste ien rjuchte leugensack: | |
Mar fjouer clipsen 't hele jier? | |
'k Lieow tuwsen wier hwat better wier | |
2. | Dow reckenst' wol op Liouw't in sa |
(Now ja, dær giet wol gâns om ta!) | |
Mar alle pleatsen mast' ney sjen, | |
Ho 't min al clipsen krye ken. | |
[Pg 30] | |
3. | Den Haag in Dordt; St. Ann' in Grouw, |
Terschelling, Heidelberg, ter Gouw, | |
De Knype, Drogeham in Rys, | |
In Rome, Munchen in Parys. | |
4. | Ney Dearsum, Rotterdam in Broek, |
Schiedam in Lojengea, Dykshoek— | |
Alle um in am in gea, woe m'n 't dwaen, | |
Scoen' dy wær nye clipsen jaen. | |
5. | Nen doarp, ho lyts, kastiel in kluws. |
Op 't lân, op 't wetter, schip in huws, | |
Ja, tjerke in timpels, dær 'k fen swy'. | |
Dy jaene clipsen wær opp' ny. | |
6. | In den de tiid, by nacht as dey, |
Dy bringt wær oare clipsen mey; | |
Mar dy 'st dow neamste, it schaete ues net, | |
As hie m'n 'er niks fen hinne set. | |
7. | Colombus hie er foardeel fen, |
('t Is wier) mar socken schrander man, | |
Dy wist, hwat 'n nye wrald uet ley, | |
Wist eack yn ontiid rie in wey. | |
8. | 't Is wier, dyn tiid hjit middelbaer, |
Mar mannich wirdt to let gewaer, | |
Dat 't midden faeks noch fier fen 't eyn is: | |
In is 't yn 't midden net meast clipsis?! | |
9. | Foart op Nyjiersdey clipsit 't yit, |
As credit debit efter sit; | |
Min neame 't sa 't min 't wol, ick sizz | |
Dat 't den by mannich 'n ien wol clips is. | |
[Pg 31] | |
10. | Tink oan 'e Freed, oan' Sneuan in Snein, |
By Turk in Jood in Christen rein, | |
As hillich, ho min 't neame, ick sizz' | |
Dat 't faek ien tiige tiige clips is. | |
11. | De hege feesten—'k swye er fen, |
Mar lege geesten swewe er den: | |
Min neam' se heech in sillich, 'k sizz' | |
't Binn' daegen sims mey 'n greate clipsis, | |
12. | Comeedsjes, oppe merke as net, |
De hele merke, as oare pret, | |
It wæse er bliid in ljeacht, ick sizz' | |
't Is 'r oeral fol to sjen fen clipsis. | |
13. | Ja, moarns in jouns, by nacht by dey, |
Op bæd as oppe hearenwey, | |
Min mey er wæse meye,—'k sizz' | |
't Is dær net selden clips op clipsis. | |
14. | Mar hwat fen tiid in pleats mear sein, |
Fen ljeacht in tjuster, dey as snein, | |
Ien inkeld minsce, ja! ick sizz' | |
't Is faek ien greate, greate clipsis. | |
15. | Wier is 't in blieowt it, Almanak! |
Dow wierste in biste ien leugensack; | |
Mar, hwat fen dyn bereck'ning fiks is: | |
Dow seiste ues kreckt honeer 't it clipsis. | |
[Pg 32] | |
16. | Noch mear: wær sa, ho langen tiid, |
Dat mackest' ruchtber wiid in siid; | |
Mar de oaren, dy 't ick neamde, ick sizz' | |
Dat 't dær mey faeks to muwck is clipsis. | |
17. | In komt min 't onforwacht to sjen, |
Dat onforfalst sinis barre ken, | |
Min sloopt jins eagen in ick sizz' | |
Dat 't faeks den clips wirdt in herclipsis.[L] | |
18. | In berntjes, goede, froede lju, |
Och God! ontjilde dy 't net rju?! | |
Neam elts 't mar oars, dy wol, ick sizz' | |
Er binne berne- in bernsbernsclipsis. | |
19. | Begjin fen Adems tiiden aof, |
In fenne schied'nis yn it haof, | |
Ja, follen neam 't dær klear, mar 'k sizz' | |
't Is dær foar folle mear noch clipsis. | |
20. | d' Historie fenne wetterfloed, |
Fen Abram, Isaäk in har bloed; | |
Egijpte, Arabie, Horeb—'k sizz' | |
't Is mannich Jood in Christen clipsis. | |
21. | Nen Turk beclipset Mecca sa; |
Min mey ien seilstien bæd dær ha, | |
Foär vader Mahomed,[M] ick sizz | |
't Is ien fenne alderlytste clipsis. | |
[Pg 33] | |
22. | Jerusalim! Jerusalim! |
Al spriik uet 'e hymel dær Gods stim— | |
Gelearden mey 't betwistje—ick sizz' | |
By 't greatste ljeacht, de greatste clipsis. | |
23. | Hwa roun net, in ues tiid, to keap, |
In raop 't nysgierrich folk to heap | |
Mei printjes fen dy clips?! Ick sizz' | |
Noch sjucht in heart min 't yit, o clipsis! | |
24. | Mar fjouer clipsen 't hele jier? |
ô Almanakjen wier 't mar wier; | |
Mar net ien eagenblik—ick sizz' | |
't Is altiid, hjir as dær, wol clipsis. | |
25. | Went—scil min ien goed ding hiir ha, |
Dær heärr' yit trye dingen ta, | |
Seit Claudius. In is 't sa, 'k sizz': | |
Den ken 'k mar ien, ien goede clipsis. | |
26. | Ues trye bollen meitse dy, |
Mar den 's de wachter[N] fol as ny: | |
Ja fol in ny! Ho mannich, sizz' | |
Bringt hjir mey fol in ny 'n quea-clipsis. | |
[Pg 34] | |
27. | Mey heal, mey quart, mey wrack mey ald, |
In sonder sinne hat de wrald, | |
To jammer faek—'t is wier ick sizz' | |
Net to bereckenjene clipsis. | |
28. | 't Mey wæse, dat it roune, omheech, |
Allinne roun schaed jouwt omleech— | |
Dat roune is hjir faek glydrich, 'n 'k sizz' | |
't Jouwt stroffling in socks neam ick clipsis. | |
29. | O, clipserie foär sin in hert, |
Forsmaedsje wy dyn foarschrift net: | |
Fen fierren, 'n troch 'e fingers—'k sizz'— | |
Sjucht min faeks sonder schea noch, clipsis. | |
30. | Wol, dy mey 't steärren, bliid in fry |
Seit: "'k clipse nimmen—'n nimmen my." | |
Min mey 't mey sizzen dwaen—ick sizz' | |
De dea-snick' noch, mar dær?! nen clipsis. | |
31. | Mar de ierdkleat draeit mey ues sa hird, |
Dat 't Trye Ien (hill'ge schymer) wirdt; | |
In Jesus (clips-fry) God!... Ick sizz' | |
Wy libje clips, wy steärre ... O clipsis!! |
BIJ DE
1. Alles, hwat mar ald in hwat ny is, wirdt berymd, Læsers! in scoe min 't my den qualick nimme, dat ick ien ding sa ald in sa ny fen beiden, eack berymde?
Foaral net, as min wyt, dat iek eygentlick net sa 'n greaten rymer bin (dy hjitte lieow 'k tichters—dichters, mien ick) dat ick jimme in my sels fenne wrald loatse scoe, went ik ken net bæst omheech komme in ynne hichte forkeare, (den wird ick duwselich in 't begjint my to schymerjen) sa 't ick myn rymfjoer net ynne wolkens timperje ken, lyck as ... mar ik wol nen minsce beclipsje, mar dy immen sey: "ik schop den aardbol weg, en doop mijn wicken in de wolken!"
As 't jin sa begjint oan to gean in yn to barnen, den is 't better mey Sybe Kunst[O] to sizzen:
2. Liouwert. Er binne dy sizze, dat er alear, do 't e Alde-haof ien beaken ynne Middelse wier, ien kastlein wenne, dy Lieowe hjitte, in, dat min him om syn bæstens Leawe (Lieowe) weard (hospes) neamde in dær fen dinne Leafweard, Lieuwert, Liouwert, Liouwt.[Pg 36]
Now schrieowt min op syn heech-hollans: Leeuwarden, 'k tink Leeuw-waarde, scil 't betjudde.
3. Den Haag, 's Gravenhage, 's Hage. Tink hjir, læser? oan Oldenbarneveld, prins Maurits in de de Witten; tink oan 'e tiiden fen ues romruftige séhelden in dizze stæd, tink oan 'e 10 deysce fjildtocht, oan Willem I in Willem II, yn in ney dy tiiden, in sizz' my den, as ick ongelyck ha, mey tu bewearen, dat min, nei dy onderscheidene tiid n de planeten waernimmende, clipsen yn soarten to sjen krye scoe?
Dordt. Hjir by is 't ommers genaoch de jierren 1618 in 1619 te schrieowen, om ues hoopje te litten, dat er einling fen dy clips sein wirde ken, hwat de namme fenne aldstæd to kennen jouwt:
Dor- Door- drecht—trek—Doortrek.
Trochreisgje, passeare, foarby gean; honear komt it sa noch? Clips! clips! clips!
St. Anna. (Sus Anna). Scoe 't dær sa erch wirden wæse mey Sus-anna, dat er ien heel doarp uet ontstien is? Min wyt, dat as er ien pear jonge lju trouwden, dy hwat to foarbaerich wæst hiene, dat den it St. Anna klockjen, onder 't lieden fen 't feestklockjen, now in den ris mey bingele, omdat ongemerkt uet to bringen, (min trouwde do oppe gis wey allegearr' ynne tjerke.) in ho luwder dat socks gong, ho mear Sus-Anna; dær fen dinne seyt min noch, (went it komt ommers noch wol ris to pas) dær rint ien bytje, as dær rint hwat fen Sus as St. Anna onder.
Grouw. As dat op syn etymologisch Ge-rouw, as Gea-rouw, as op syn Waldmans Grauw, as op syn suiwer Hollâns Graauw wirde ken as wæse mat, as dat it mey folle ou-en allyck schat wirde mat, 't is gâns clipsisch.
Terschelling. Eack al clipsisch. Is 't Tear (verteer) as teare schelling? (6 stoeren). As is 't ter schelvisch en ling! (visch in vangst er net forgetten, omt dy wirden oertollig wierne?) Den scoe 't oafkomstich wæse fenne[Pg 33] fiscery. As hat it de namme fenne Noardsee goden as reusen kryge, dy 't mar: ter schilling! neamden, omt mar wey to schylen, to packen? Wy scille dær strack noch ien stealtje fen jean by Akrom.
Heidelberg. By 'n party minscen, dy hwat lang scoen hawwe, ney clipsen oppe poolsce hichte fen Dordt bereckene, Heilige berg læsen. Hwat mat it wæse: Heide-berg as: Hei! del berg! Ick scoe 't mey 't læste halde; went ien heide-berch jouwt net folle frucht in ick mien, dat min dær yn dy stæd noch al ien byttje leafhabbery foar e wynstock hat, as hawn hat. To minsten, min hat er ien fet fen 36 foet lang in 24 foet heech.
As dat fol is, as dat it leech macke wirdt troch 'e Heidelberger godgeleardens, wyt ick net. Min kin, tinkt my, lyckwols neygean, dat sa 'n fet noch al hwat clips meitse koe. In—ien schrander reckenmaster hat uetcyfere, dat er by de forgaederinge fenne Dordsce Synode mear sopen (dronken, woe 'k sizze) is, as yn e ytlicke jieren, dat dit selde huws (dær hja do hymelkindigen by eltsoar wierne) ta herberch tjinne.
Ter Gouw sizze de scippers; Gouda seit min oars op syn Hollâns. It earste hat syn eygenscip ney it wetter: Gouw; it oare mey wol a! Goud! as Goud! a! as mey de h er foär Ha! Goud! wæse, as alde foärspelling troch 'e earste prekers dien, oppe kunst fen it glæsschildërjen fenne Crabetten. Hwa wyt it!
De Knype. Muwlk komt dit wird wol fen 't ken nype; min wyt den, dat it benouwtheit betjudt, as, dat it er nou besocht wirdt, dær fen dinne: as it nypt (knypt) in weder (wær) nypt (knypt) Boven in Beneden knype.
Drogeham. Scoe 't Droge, druwge, toärre ham; der ogen ham; as op syn Zeeuwsch in Grinslansch der hoogen (ham) wæse matte?
Dat hege in druwge is altiid min to schiften. Ick jaen hjir by noch ien riedling foär reckenmasters op, t.w.: Yn ho folle sprongen ien flie fenne Ham ynne Knype komme kin?[Pg 34]
Rys. Wær mey dit wird dochs wey komd wæse? Rys—biisemrys, rys, to sieden; riiz, omheechstiige; forbastere fen reis? (Dy twae læste wirden betjudde eack fen pleats foroarje, mar it læste kin alle kanten uet, in sa is 't dær by Rys, in 't earste mat altiid omheech.
Alles kin min er fen meitse. In dat hat eack wær syn eygenscip yn 't wird-sels. Tink oan 'e boal, læser! oan 'e hueshimmelers, oan 'e baenfegers, oan 'e kouedrieowers,—oan 't diarrhée, oan 't sop—oan 'e loftbollen; oan 'e gæst (in al hwat mear riist troch ynnimmen, ynjaen as ynsmytten) oan 'e actie's, oan 'e reisen by nacht in by dey, mey stoomscip as stoomwein, oan lytse in greate, goede in tjoede reisen, oan oafdiene in uetstelde reisen in oan siskes in spreckwirdtjes fen reisgjen in rys in riiz in riize oafkomstich.
Hwat wirdt er al sa net mey Rys dien, mey Rys yn alle beteikenissen fen 't wird? Hwa doar, hwa wol in hwa kin in hwa scil dit sizze. Mar—nysgierrich is 't dat er sa 'n aerige profetsye yn leit, dær min fen sizze mey, dat de tjinswirdige eygener de goede folbringer fen is. Dat syn Heech Berne foar alle tjoede clips bewarre blieowe mey—is de winsce fen myn hert!
Rome. Min seit it is ney Romulus neamd, dy foärsycker eak heech spriik, dær 't er keuning waerd (750 jier foar Jesus komste) in earst mey wolwinne maolke great macke is; sa 't min 't wol Berome, bereamme, beroomde, fette stæd doopt hawwe mey. Neyer hân is dat wirdke Be fæst wey-fallen: min lit ommers sa wol mear ien letter twae wey, as docht er ién as twae by ney eygen forkiesinge. Dat is alleman lyckwol net ta betrouwd, om mar to jaen in to nimmen, sa 't min wol. Sjogge hjir ien stealtje:
Bilderdijk.
Mar—hwat Rome oangiet, vader Huygens tocht er eack sa oer, dat it beroomd room, fet op fet wier.
Hwat ien buwter dat dær eack al macke is, dat kenne nen pinnen beschrieowe; min mat de stæd sjen in sjoen ha yn onderscheiden tiiden, om dær ien tinkbiild oer to meitsen. Dær is hwat om ta gien! As it dær eack clipses joun hawwe scil? Ja, minscen! foaral somt Paus Gregorius yn 1512 de Almanakken forbettere hat in de clipsis er jier op jier yn bekend maeke waerden. Mar—hwat ick fenne histoarje fen Rome sizze mey: de Pausen hjitte er jimmer noch hillich. Min mient, dat dy hillige dynastie mar ienkear in eack foar altiid har sels clipse hat. Ien duetscer uet 18/19 yeuw seit er fen:
Haug.
Tiiden fen Luther, Erasmus, Leo in Tetzel binne wær yn oare qualiteit.
Munchen. Fen Mönch, Monnik. Min seit er fen, dat dy stæd yn fruchtberheit de measten yn Europa oertreft in yn sa fier oerclipset; er is clips in herclipsis.
Paris. Wær is Paris net mey it ien as it oar? Hjir mey har teal, dær mey har preal, dær mey har kunsten, hjir mey har kuren, dær mey har wyttenscip, dær mey har buwgen, hjir mey har hackebirden, dær mey har hierkrollen,[Pg 36] hjir mey har ruwckende, dær mey har stjonkende waer—allegearr' Paris!
De stæd-sels mat danich ynne mist dele. Yn 1844 mat it er sa erch wæst ha, dat de blynen de sjenden foar ien seur in ien leur to rjuchte brochten, omt hja better sonder eagen seagen as de oaren mey. Min hat er mear fen heärd, lyck as in 1572 (23, 24 Aug.) 1789, 1792, 1799, 1830. Mey ién wird: Paris wier mistich; is mistich in macket mistich.
Hjir by komt my noch ien mistpraetje yn 't sin, twisce ien scoenmacker in ien gelearde.
Gelearde. | Wel, baes! jimm' haww' ien Domeny? |
Hwat tinkt je fen dy man? | |
Baes. | Ien slimme fraech, mynhear! foär my, |
Dy 'k net beänderje kin, | |
As jy mat m' earst ien andert jaen | |
Op dizze fraech, fen my: | |
Hwat waer bringt follen fen 'e baen? | |
Gelearde. | (schoert oppe mouwe in laket) |
Wel, baes! ho miene jy, | |
Sa wyt ick 't net. | |
Baes. | Myn goede man! |
Heär den: sa tinkt it my: | |
As 't ljeacht noch tjuster is, is 't den | |
Nen mist? Now, dat 's ues Domeny! |
4. Dearsum. De earseam, soom, som, sum? De earste um? In sa Dea 's um, hiem, plack, sté? Dearsum? Deare se him? Gelearden mey 'e beslisse; mar 't scil wol sa hwat wæse, to minsten as min er ien hondert jier twae oer practisearje wol, scil min wol wyte, hwat Dearsum is.
Rotterdam. Rotten (bisten) oppe daem? slimme daem; slim, as rotten oppe daem? It komt to minsten fen it wetter: rotte. As scoene de Rotterdammers de namme fen[Pg 37] ien schelnamme halden hawwe, fen Schiedam? dat hja seinen': 't rot al ter dam; 't forgiet ta slyck, modder.
't Rottet alles to slyck (dam). As giet it libben fen alle minscen net ney Rotterdam?
De iene macket de reis quart, de oare lang; de iene hat ien pleisierige, de oare ien beswierlicke, de iene ien foardelige, de oare ien scheadlicke reis, mar alle minscen komme op 't læst oer Dearsum ney Rotterdam, in dær fen dinne hoopje wy allegearre yn Hemelumer Oldephaer', mar net yn Noordwolde to kommen.
Wy begjinne ues reis fen Schoot in Poppenwier. Dær fen dinne geane ien hele boel rjuecht uet, oer Lytsewierum, ney de greate stæd. Oaren meitse it ien bytje oars, in rinne Lytsewierum foarby, geane troch Ytens in Wyns, as Alde in Nye Tryn, blieowe to lang yn Vrouwbuert, forslingerje sims ney Loyengea, ney de Knype in Jiskenhuesen; oaren studeare hwat to Nieuw-kruisland, oaren besiikje quansquiis de Hemelsce berch, as komme yn selscip fen studinten fen Ald- as Nykerk in sa hwat hinne; mar fen dizze in jinge komme er noch al folle ris ewentjes to Peins as to Weinterp; forslingerje now in den ris ney St. Anna in sa oer Swartsluws ney Rotterdam. Inkelden mey to Blija, to Hichtum as to Wolsum goede daegen slyte; as lang Ingelummer in Burgummer wæse, ienders giet it eack al de alde wey op.
Broek. Dær binne fen sels alle froulju ynne bruwk. Hat muwlk ien fenne Amazonen (Dowen mei bruwken oan) mey opset sin ien doarp oanlein, om de eare fenne frouljues bruwk foär iiwich op to halden? Min fynt se noch al mear yn ues Lân: Noardbroek, Zuidbroek, Bennebroek, Donkerbroek, in hwa wyt wær min al mear nen Broeken hat, dær min se al heel net mient to hawwen!
Schiedam. Hwat scil min er fen meitse? Scoe it eack fenne Ingelscen oafkomstich wæse; dy, omt se sly nen gin (jenever) binne, in dær bæste soarte founen, fen bliidscip floekten (dat dogge se mear) seinen: 's God dam? dat dit swietjes[Pg 38] wey yn Scho- Sche- Schiedam foroare is? As scoe 't posteriori gien wæse?—Min mey reckenje, sa fier in sa heech as min wol, de clipsen to bereckenjen oppe hichte fen Schiedam, in egaelwey it begjin, midden in ein oan to wiisen, in de greatte yn tommen to sizzen—sa 'n minsce hat er noait wæst in scil er eack noait komme. Né, alle ministers, hegeschoällen mey alle perfesters, alle reckenmasters mey 'n oar, dy er op Gods gansce ierdbodem wenje, binne dær net ta yn steat. De matigheits-, de aofschaffings in alle oare genoatscippen mey har bæst dwaen, om geschikte ystreminten to kryen, wær troch 't min se sonder schea troch sjen ken, dit is de cirkel-quadratuer ynne sedekinde in it macket de beschaewinge gelyck oan ien oaneindige breuk, dy de ienheit wol neyer in neyby komme, mar noait alheel uetdrucke ken.
Socke clipsen to bereckenjen, dær mochten de Almanakmaekers dochs wol ris mey begjinne!
Schiedam mey fen dinne wæse wær 't wol—wy sizze noch: "God damje 't!"
Loyengea. Is dit it alde "Luilekkerland" it gea fen lântlopers in luiwammesen? it Loyengea? 't gea, dat net folle opbringt? It hjit mey Goëngea de lege gea'n; legean, seit min ynne wânling. Is er eack oerienkomst to siikjen yn Loyela in Loyenga? It rymt foar in efter to minsten, in as de beyde eynen lyck lizze, passe de middens den eack net op eltsoar? De dichters ryme ommers eack mar mey ien, twae letters, in min seit den lyckwols: "dat rymt alheel, dat rymt moay!"
Klopstock (de forneamde sjonger fenne Messiade) waerd troch 'e learmaster fen Claudius net onder 'e dichters reckene, omt syn sangen net rymden in hy sei tjin Claudius: "hier ein Ohr! und da ein Ohr! das reimt!" Min hat rymers mey de letter in mey de geest.
Dykshoek. Op 't Bildt. Wærom neamt min dat Bil? sa dat min sizze ken: de hoek oppe Bildyk, kreckt as ick sims wol sizzen hearde: op it bil hawwe de bargen[Pg 39] eack eagen. 't Is wier, bilbeeren seit min eack; mar dat giet omme mackelickheit foar 't uetsprecken: in buwte dat, bilboeren binne alle boeren. It alde wird, seit ien alde-tealkenner, betjudt: Be-ïled—bewettere—bestroomd mey wetter; dærom 't Dykshoekje: 't P. hoekje.
Ammen, ommen, gea-en. Folle nammen fen stæden in doarpen hat min yn ues lân, dy sa sluete. Yn ues Fryslân hat min folle um (om) in gea. Gea wirdt oer 't algemien wol forstien in halden foar: earne (ergens) streek, lân, contreye. Iestergea, Follegea, Duennegea in dat duennet in geaet sa ien great deel fen uws provincie troch.
Mar as am in um allegeärre sa fier wey socht wirde scille, as dit mey Koudum (Kowe-dom?) in Ackrum 't gefal is, den hawwe de Mythologisten noch hwat to forhackstuwckjen.
Fen Akrom wirdt sa sein: De reusen, (min ken se, mey har schonken fen 20 jelne, sa fluch as de wyn in sa great as de Alde-haof; min wyt, ho 't se sprongen as wynhounnen; mey bar lieuwe koppen, slangehuwden, eagen as folle moännen, hier as boartsels—ien bosch lyckmey toscen as stienrotsen; ien luwd, dat 6 oeren fier yn 't roun heärd waerd; dy 'n haey behimmelen kreckt as wy ien iel; rewieren yn ién swolch leech dronken; it iiser briiken mey har hânnen as wy it glæs as ien breakoarste, in de beämmen del traepen as gæs) now, socke reusen macken effentjes it farwetter fen Irnsum nei Akrom. Mar har forstân wier yn allen sa great net as bar lichmen; in min wist do eack noch fen gen waterstaet in ingenieur, lyck as now. Mey 'n rep hierne se dat sleattje uetsmyten', mar—ién fen dy alde polderjonges (de putbaes) gong 'ris ewentjes mey de earmen oere nael feone Akrommer toer lizzen, seach by 't wirk lâns in raop: A!! krom!! lyck as min noch sljucht wey seit: Akrom.
Mear documinten in meditaesjes oer clipsery hat min ynne Visoenen fen Yntje Janszoon, Dr. Ludeman, Laurenbergch; Mathematische Verlustigingen, Jobsiade, de Domenys[Pg 40] hifke, Dr. Strausz, Bijdragen tot de huishouding van staat fen dr. Eekma, Moeder de Gans, Thijl Uilenspiegel, Bunjans Christenreize, de wandelende siele in s.f., Clement Marot, de geest van Jan Tamboer, Bijdragen tot het lagere schoolwezen in Nederland van Rein Beerda, it Rad van Avontuer, Klaes Klim, studintenleven in Typen; Handleidinge om de menschelijke stem te bespelen, conjac met zout, de rok van Trier toegelicht, in mear oare bekinde in onbekinde taljeachtingen, handliedingen, awentoeren, wandelende sielen, bijdragen, verlustigingen, lear- in kerkredens, visioenen in sa fierder.
Post Scriptum. Min wyt hwat greate clips Jeremyas Dekker yn syn Betooverde wereld oan 't ljeacht brocht hat; mar minder bekind is 't muwlk, hwat vader Huygens seit:
Hwa haldt lyckwols de Diwel net foär it greatste clipsbeest, dat er is?!
[A] Læsten noch sey er immen: "praetje fen dingen—wy hawwe ien hele wycke wæst dat we gen wear hienen!"
[B] Wysheit is hjir nomd as synonym mey ryckdom, folgens de Grammatica fen Rabener.
[C] Min ken dochs de alde schouwman, dy de sielen fen de iéne waol ney de oare bringt? Sa net, ienders scil min wol mey him yn kennis komme.
[D] De Grieken in Romeinen treauwen har deaden ien Obôlus ynne muwle: dær Charon har foar oersette. Ien Obôlus wier 't sæchste part fen ien drachme, in macke 10 chalci. Sa'n Obôlus wier om in de by 6½ cint as ien braspenning, 10 duiten.
[E] Passegiers, dy net klear wierne mey de fracht in sa dwaende, har saeken net goe' beadminestreerd hiene, moasten 100 jier omswerwe.
[F] Charon doelt hjir fæst op minsken lyck as dy alden earst wierne: Methueselim groeide ommers mar 969 jier!
[G] Henoch in Elyas—de iene mey'n loftbol in de oare mey 'e fjoerwein (stoomwein).
[H] Dat wier fæst eack sa yn NAPOLEONS tiiden, do 't it brea sa djoer in de kanonnekost (nye recruten) sa goedkeap wier: vivat CHARON!!
[I] Faryseé betjudt aofschacte seit ues Pastoor.
[J] Altiid.
[K] gen, nen, net.
[L] Ds. Goot, ôver de oogziekten yn de Vaderlandsche Letteroefeningen.
[M] Min mat wyte, dat Mahomed to Mecca yn ien iiseren kiste ynne loft sweeft, troch middel fen seilstien.
[N] De moänne.
[O] Ien forneamd schilderer, Rymer in wirktuechkindedige, dy ynne læste jierren to Grouw bloeyde.
Transcriber's notes
Obvious typographical errors have been corrected, this is indicated in the html like this--hover mouse over for explanation.
There was a printer error in page numbering as page numbers 33, 34, 35 and 36 were re-used. An original copy was consulted to be sure that these were not missing or duplicate pages.